Nieuws

EFKES STILSTEAN ………………

www.sfdeinum.nl
Efkes stilstean by it ferstjerren fan Albert Lautenbach.

EFKES STILSTEAN ………………

 

Fan immen hâlde is maklik

immen misse is dreech

mar immen ferjitte is ûnmooglik .

 

Untank syn positive hâlding koe er dizze wedstriid net winne !

Albert Lautenbach ferstoar op 27 juny 2017 te St.. Jabik .

Hy wie noch mar 57 jier âld.

In swiere slach foar syn neisten , heiten en memmen , bruorren en susters, omkesizzers en in protte oaren die mei him oplutsen binne tidens syn warbere libben.

Yn myn oantekens kom ik tsjin dat de kommisje ‘’ lief en leed ‘’ him in kaart stjoert hat mei sterkte der op doe der ûntdutsen waard dat Albert in agresiefe tumor yn de holle hie (01-08-2016).

Datselde barde nochris yn April 2017 doe bliken die dat se him neat mear foar him dwaan koene.

 

Albert die my tinken oan in ‘’ Noorman ‘’ , foarop yn de striid , opjaan wie gjin opsje .Doe hy midden tachtiger jierren de read wyte kleuren fan f.f. Sparta 59 ferdigenen joech hy in foarbield oan syn oare spilers.

Mei syn ljochte hier , swit op  holle en lea en in reade kop stie er syn mantsje as lêste man fan it earste alvetal út de siepelmienskip.

Technysk wat minder , mar in ynset wer in protte oaren in foarbield oan nimme koene.

It wie dan ik jammer dat er nei ferrin fan tiid nei St. Jabik ferhuze .

Op syn ôfskied die bliken dat er it Bildtsk nea omearme hat.

Wol ferdigene hy de kleuren fan de blauwyten

Krekt as heit Sale , mem Jannie en die oare Lautenbachjes waard er in protte wurk fersetten foar de feriening .

Dat hy nei ferrin fan jierren beneamd waard ta lid fan fertsjinst wie net frjemd .

 

Op sneon 1 July l.l. ha in protte minsken /âld Spartanen ôfskied nommen fan Klara har leave man , de bern harren sterke heit en pake.

                                 It komt sa it komt

 

Albert is net mear mar bliuwt yn ús tinzen ............hy rêst yn frede.

 

Foar de SF Deinum /f.f. Sparta 59 .

S.Té .


 
Geen nieuwsberichten gevonden
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven