Korfbal - SF Deinum 2 - DWA/Argo 3

SF Deinum 2
DWA/Argo 3
17-12-2016
17-8

SF Deinum 2 – DWA/ ARGO 3

Sneon 17 desimber mocht it twadde fan SF Deinum kuorbal tsjin de ploech út Winsum/Bedum kuorbalje. In folslein ûnbekinde ploech, it ienige wat wol bekind wie is dat sy ek ien wedstryd ferlen hiene.

Foar it earst yn de kompetysje wie it twadde kompleet. De wedstriden derfoar diene der hieltyd B’s, A’s of gastspilers mei, dêrfoar nochris tank.
Om 14:20 oere floot de skiedsrjochter foar it begjin. De oanfal mei Geert, Hans, Sjoukje en Aafke begûn geweldich: 2 oanfallen en it team mei it donkerblauwe tenue stie 2-0 foar. Frij fluch dêrnei makket it oare fak de 3-0. Dêrrnei stûke de oanfalsmasine fan Libbe, Tjebbe, Pytsje en Idske even. DWA kaam doe op 3-1, mar de rol fan DWA wie dêrnei de earste helte útspile. It publyk stie letterlik op ‘e banken. De iene moaie oanfal folgde de oare moaie oanfal op. Mei in heech baltempo, in protte wikselingen en mei 6 doelpunten fan Sjoukje. It wie genietsjen foar de kuorballeafhawwer. Der waard sels in ferwizing makke nei it oanfallende spul fan FC Barcelona yn harren bêste jierren. En trochdat de ferdediging gau de bal wer feroverje koe wie SF Deinum 2 net te hâlden en gong it dat it slydjage. Stân by it skoft: 12-2.

Yn it skoft waarde der yn de klaaikeamer op hammere dat we skerp bliuwe moasten. We moasten útferdegigje en foaral sa lekker troch oanfalle. Geert liet himsels ferfange troch Tjitze Tjalf om syn achillespezen wat rêst te jaan.

Yn de twadde helte like it as hiene de gasten harren lange reis nei Menaam no pas ferwurke te hawwe, Se waarde wekker en joechen mear tsjinstân. Dêrby liet SF Deinum 2 it wat lizzen en like de skerpte wat te missen. De oanfallen bleaune moai, mar it kaam net ta it ôfrûnjen. De twadde helte waard dêrtroch in wedstryd en kaam DWA mear en mear yn de wedstryd. SF Deinum koe der net mear fan meitsje. De twadde helte waard dan ek ferlen mei 5-6. Lokkich bestiet in wedstryd út twa helten en koe it twadde dêr  2 punten byskriuwe. Doe letter ek noch bekind waard dat de koprinner harren wedstryd ferlen hiene wie it feest kompleet.  

2017 gean wy dus yn mei in dield earste plak, we hawwe noch alle kânsen foar it kampioenskip!

Groetnis fan Tjebbe en Idske
 
 

Verslagen

 
 

NQL 2 - Deinum 1

02-12-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

25-11-2023
 

Deinum 1 - Joure 3

18-11-2023
 
 

Deinum 1 - Joure 3

21-10-2023
 
 

Joure 3 - Deinum 1

30-09-2023
 

Deinum 1 - NQL 2

23-09-2023
 
 

Pallas 3 - Deinum 1

03-06-2023
 
 

WWC 3 - SF Deinum 1

25-04-2023
 

Deinum 1 - Joure 4

01-04-2023
 
 

DTG 3 - Deinum 1

18-03-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

11-03-2023
 

Pallas 3 - Deinum 1

04-03-2023
 

Harich 4 - Deinum 1

25-02-2023
 
 
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven