Nieuws

We misse de Spartaan...

door
www.sfdeinum.nl
Wer bliuwt de Spartaan 2.0? Les fjierder...

Elts wit fest noch dat blêd mei dy moaie opstelling op 'e foarkant. Mar wer bliuwt de ynhald fan doe no we oerstapt binnen nei nije kommunikaasje middelen?

It is ak wer in healjier lyn dat ik op de side fan de SFD in ferslach tsjin kommen bin fan in fuotbalwedstriid senioaren of in jeugdteam. Regelmjittich is der fan de kuorballers wol in ferslach te lêzen wat harren prestaasjes binne yn de kompetysje. As ik efkes it argyf besjoch wat it flaggeskip fan de feriening oan giet, dan is er it lêst in ferslach skriuwn op 10-06-2018, dat wie de wedstriid tsjin ONB. ‘’Wopke‘’ komt net mear foarby en ik de oaren steane (waarskynlik) net te springen om wat op papier te setten oer wat der sa al bart yn in thús of in út wedstriid. Foar minsken die net nea delkomme op de Fjouwer en it fan ynternet besjen moatte, in jammerlike saak. Nim bygelyks no de oerwinning fan de SFD 1 yn in útwedstriid tsjin de Jouwer (1-4). De koprinner krige fuotballes fan de SF Deinum. Ik it twadde team die goede saken troch in ploech Tobbedûnsers, ek koprinners, te ferslaan mei 7-2. Ik neam no samar efkes twa wedstriden wer fêst wol wat oer te skriuwen wie mar ik twivelje as dat noch wol bart. Jammer ..........

We binne no sûnt Augustus dwaande en ik, en mei my in protte oaren, soe it op priis stelle dat we wat mear ferslagen tsjin komme op ús side, sawol fan de jeugd as fan de senioaren.

IK/WY rekkenje op jimme ........ S. Té

 
Geen nieuwsberichten gevonden
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven