Nieuws

EFKES STILSTEAN …

www.sfdeinum.nl
Tongersdei 22 Febrewaris l.l. kaam in ein oan it libben fan Tjisse Hofman.

EFKES STILSTEAN ………..                                                          SELLEMOANNE 2018 .

 

                                      “ It is moai sa “

 

Tongersdei 22 Febrewaris l.l. kaam der dochs noch ûnferwachts in ein oan it libben fan Tjisse Hofman , earelid fan de eardere f.f. Sparta ‘’ 59 no de SF Deinum .

Leave heit fan Klaas en Karin , Bauke en Gerda , Hetty en André en de seis eachapeltsjes (syn pakesizzers) wer hy tige wiis mei wie.

It wie in swiere slach foar Tjisse en de bern doe Marijke der yn Maaie 2011 by wei kaam te fallen.

It grutte gemis is bliuwend yn it libben fan Tjisse . Al rillegau kaam ik ris del oan de St. Janswei 10.

Soks hat fêst te krijen hân mei de goede bân die ik hân ha mei Tjisse yn de Sparta ‘’59 tiid.

Earst as team genoat , letter as lieder wylst ik de oanfierder wêze mocht fan dit team.

- In gouden team- hat Tjisse him wolris ûntfalle litten .

In protte wille , gjin tsjin sin , dan kinne je in hiele protte berikke mei in tal fuotballers die it echt fan harren ynset hawwe moasten.

De koprinners yn ús kompetysje moasten dan ik faaks belies jaan yn it Pypsterhofstadion as de jongers fan Hofman de mouwen opstrûpten en der in ynset wie die fier boppe de grinzen lei.

De tredde helte wie dan faaks noch dreger as it tiid waard om nei hûs te gean  .

Kampioen wurde , ûnderskriuwne hat dit letter by de senioaren nea wer mei makke. Op 29 April 1983 barde dit op in by terrein fan de f.f. Frisia op kompleks ‘’de meagere greide ‘’ wer it alvetal fan Tjisse kampioen waard.

Fan Marijke krigen we doe in roas oanbean , soks bliuwt yn jins ûnthâld.

 

It wie altyd in noflik by inoar wêzen op nr.10 wer ik de lêste jierren moanliks myn gesicht efkes sjen liet.

Dit liet er dan ik blike as ik nei rom fiif kertier wer ôfsette nei Boksum ta.

Twa bakjes kofje , wat lekkers der by fan de waarme bakker , efkes in peukje yn de ferversromte en fertelle oer eartiids .

Hoe faak as freon Bantema en freon Spoelman foarby kommen binne it stekt net sa nauw.

As jo sa lang mei draaie yn de fuotbal wrâld sa as Tjisse dan belibje je ik in protte .

 

 

Jammer wie it dat de ( geastlike ) sûnens fan Hofman werom rûn it lêste jier. As ik dan wer is oer de flier kaam en hy wie fallen en syn gesicht wie wat ferkleure dan makke ik mar in grapke .

“ ik sjoch it wol ik kin dy snein net opstelle yn de basis , do moast dyn hannen al wat thús hâlde by dat klupke yn de stêd ‘’

Begjin Febrewaris krige ik fan buorfrou Nynke troch dat Tjisse fallen wie en de heupe stikken wie.

Nei in operaasje en oardel wike sikehûs bedarre ús freon yn Borniaherne.

Der bin ik trije dagen foar syn ferstjerren noch del west , der wie werkenning , de oanfierder hat de lieder it neigesetsje op fuorre .....

 

Op 27 febrewaris binne in heap minsken del west oan de st. Janswei 10 wer Tjisse yn syn ferverswinkel opbiert stie .

Ik jûns koe de famylje noch kondolearre wurde op it Holt.

De woansdei’s is mei de neisten ôfskied nommen yn it ôfskiedssintrum fan Andringastate te Marsum.

It âldershûs is leeg ..... we winskje de bern en pakesizzers sterkte ta.

 

Tjisse is net mear mar bliuwt yn ús tinzen ........hy rêst yn frede .

 

 

Foar de SF Deinum / f.f. Sparta ‘ 59

 

S.Té .

 

 

 

 

 

 

 


 
www.sfdeinum.nl
Wij zijn blij dat de club na een lange periode van zoeken eindelijk een ervaren keeperstrainer heeft weten te… Meer
 
www.sfdeinum.nl
OPGELET! Dames 1 zoekt nieuwe spelers! Volgend jaar willen we dolgraag een 1e dameselftal op de been houden en daarom zoeken we… Meer
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven