Bekeraventoer foarby foar JO13-1

SC Bolsward JO13-2
SF Deinum JO13-1
08-05-2018
0 - 0

Scheidsrechter:   N. (Nick) Oppedijk

Under ideale omstannigheden sette in grut tal fans ôf rjochting Boalsert wer de jongens fan de SFD JO13-1 it opnimme moast tsjin in team leeftydsgenoaten fan de FC Boalsert . It wie in drokte fan belang op sportpark it Bolwurk wer in grut tal jierren werom noch trije foatbalklubs harren keunsten fertoanden, CAB, RES en Bolswardia. Krekt as yn Hârns en Snits hat men de lapen gear smiten en sa ûntstie op 1 July 2013 de FC Boalsert mei CAB en Bolswardia. Yn 2015 slúte RES him der ik by oan.

 

Op it âlde CAB fjild waard ûnder simmerske omstannigheden ôftrape. Ek yn de kompetysje wie de ploeg fan Mark en Tsjerk al twa kear de tsjinstanner west fan dit team. Thús waard maklik wûn mar de lêste kear gong it al wat swierder (0-1), mar dochs trije punten!! Oan it spul koe men sjen dat beide ploegen gespannen wiene, ferkearde passes, men koe net domineare sa as dizze ploeg sa faaks sjen lit. Oan wjerskanten waarden der kansen kreëart mar sûnder resultaat. Beide ferdigenings stiene goed te plak. Dochs kamen de taskôgers oerein doe Thom fan links ôf in bal yn de fjirste hoeke pleatste. Jammer dat it feest net troch gong, de grins joech bútenspul oan. Nei de rêst it selde spelbield mei in wat better SFD. Jammer dat se it lytse oerwicht net omsette koenen yn goals. De ferdigening fan de SFD stie as kalk en sement mei oan it haad de (altyd) sterk spyljende Wiemer.
 

Wer in elts bang foar wie barde, it bleaun 0-0 en pinaltie’s moasten in winner oanwize. Soks jouwt skriuwer in raar gefoel. Boalsert hie alris yn in earder treffen sjen litten dat se hjir wol ried mei wisten. Ek no wienen de Boalserters sterker yn it nimmen fan 11 mtr. trapen dan de SF Deinum wer troch it aventoer hjir eindige.

 

Ek ferlieze heart by dit moaie spultsje, al hoe soer dit soms wêze kin. Wis is dat dizze ploeg ynkoarten kampioen is /wurd en ik yn de nije kompetysje yn in hegere klasse hege eagen smyte sil. Jim kinne grutsk wêze dat jimme sa lang mei draaie koenen yn de beker en as jim takom seizoen wer die selde ynset toane sille jimme fêst by de titel kandidaten sitte tinkt my.

Siep Tilma

 

 

 

Verslagen

 
 

NQL 2 - Deinum 1

02-12-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

25-11-2023
 

Deinum 1 - Joure 3

18-11-2023
 
 

Deinum 1 - Joure 3

21-10-2023
 
 

Joure 3 - Deinum 1

30-09-2023
 

Deinum 1 - NQL 2

23-09-2023
 
 

Pallas 3 - Deinum 1

03-06-2023
 
 

WWC 3 - SF Deinum 1

25-04-2023
 

Deinum 1 - Joure 4

01-04-2023
 
 

DTG 3 - Deinum 1

18-03-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

11-03-2023
 

Pallas 3 - Deinum 1

04-03-2023
 

Harich 4 - Deinum 1

25-02-2023
 
 
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven