Pakke de jongens fan JO13-1 de kup mei de grutte earen?

Ens JO13-1G
SF Deinum JO13-1
22-05-2018
1 - 1

Scheidsrechter:   P. (Piet) Schleper

Fuotbal is en bliuwt in apart spultsje, sa skriuwn ik dat it bekeraventoer foarby is en sa moat ik de tekst oanpasse. De jonges fan JO13-1 dogge noch mei!! Troch in (stomme) set fan de lieders fan Boalsert mochten / koene de boys út Deinum sich pleatse by de lêste fjouwer.

 

Tiisdei 22 maaie binne san 40 supporters = heiten, memmen, bruorren, suskes, paken en beppen mei west nei de polder wer it team fan Mark en Tsjerk it opnimme moasten tsjin it team fan Ens JO13-1G. Jo witte net safolle fan de tsjinstanner mar der kaam wol boppe wetter dat se ien klasse heger fuotballen dan de SFD en ik yn harren klasse yn 10 wedstriden 30 punten opskarrele hiene, doelsaldo 34 – 8. Der tsjinoer de SFD, ien klasse leger, 9 wedstriden 27 punten, doelsaldo 60 – 1!

Krekt as oare wedstriden yn de beker wie it no ek wer in senuweftich begjin. We koenen net rjocht fat krije op de tsjinstanner, dochs kamen der oan wjerskanten kânsen. Healwei de wedstriid wist Ens út in korner (wat is dat) te scoaren 1 – 0. In korner tsjin, in goal tsjin it moat wenne. Sûnder mear ûngemak mochten de mannen oan de té.
 

Twadde helte sette útein mei in Wymer die him wat mear mei de oanfal bemuoie moast. Stadich seagen je de patroanen wer werom kommen yn it spul fan de Deinumers. Ut in korner makke de lytste man (Tymo) fan it fjild mei in fraaie kopbal de lykmakker 1 – 1. It hânsel fan de oanfal waard fjirder oan lutsen en de iene nei de oare kombinaasje golve op de definsje fan Ens ôf. Mei keunst en fleanwurk wisten ja goals fan Deinum te foarkommen. Ek oan de oare kant wie it neiltsje biten mar yn de stân kaam gjin feroaring mear.

 

En dan krij je wer die pinaltie’s .........soe it wer mis gean? Djippe bewûndering foar de 11 meter nimmers, wat giet er om yn de kopkes as je fan de middensirkel nei de stip ûnderweis binne. Deinum mocht begjinne, Allard lei de earste der kreas yn en lei sa de druk by de tsjinstanner del. Anders, Wessel, Wymer en Lars makken ik gjin fouten, kreas besiden de peal en oars troch de midden .........loei hurd. Kieper Leon hie de fjirde pinaltie hast te pakken mar via him en de peal rôle de bal noch oer de line. Dan stiet it 5-4 yn it foardiel fan de SFD en moat Ens de lêste pinaltie nimme. Wat by de fjirde krekt net slagge barde no wol, gestrekt waard de bal út de hoeke reage troch Leon en sieten de SFD JO13-1 yn de finale.

 

Hinnefel ........triennen, grutsk dat it klupke dat lústert nei de namme Sportferiening Deinum wer finalist is yn de beker!! It kin net oars dat we sneon 2 juny mei syn allen ôf sette nei de Jouwer om dit team nei de oerwinning ta te razen. OMLANDIA/GEO JO13–1...WE BINNE DER KLEAR FOAR!!
 

Siep Tilma

 

 

Verslagen

 
 

NQL 2 - Deinum 1

02-12-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

25-11-2023
 

Deinum 1 - Joure 3

18-11-2023
 
 

Deinum 1 - Joure 3

21-10-2023
 
 

Joure 3 - Deinum 1

30-09-2023
 

Deinum 1 - NQL 2

23-09-2023
 
 

Pallas 3 - Deinum 1

03-06-2023
 
 

WWC 3 - SF Deinum 1

25-04-2023
 

Deinum 1 - Joure 4

01-04-2023
 
 

DTG 3 - Deinum 1

18-03-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

11-03-2023
 

Pallas 3 - Deinum 1

04-03-2023
 

Harich 4 - Deinum 1

25-02-2023
 
 
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven