Histoaryske dei - JO13-1 pakke de kup mei de grutte earen - GRUTSK

ST Omlandia/GEO JO13-1
SF Deinum JO13-1
02-06-2018
2 - 6

Scheidsrechter:   T.S. (Tim) Bruinsma
Finale om de noardlike beker op sportpark de hege simmerdyk yn de Jouwer. It wie in drokte fan belang by ‘’de Fjouwer ‘’ doe de bussen mei de vedetten - âlders – paken – beppen – bruorren – sussen – buorlju en al sa mear ôfsetten nei de Jouwer. Noch folle mear reizgjen mei eigen ferfier om dit barren mei te meitsjen, ik tink wol san 161 taskôgers. Wiene it ferline jier de B1 die in pracht fan in resultaat delsetten no wie it de beurt oan de mannen fan Mark en Tsjerk om sjen te litten wat se koenen.

Statistiken:
SFD JO13-1 waard sawol yn de nijiers- as foarjierskompetysje kampioen, 10 spile en 30 punten, doelsaldo: 63 foar en 1 goal tsjin. ST Omlandia/GEO JO13-1, 11 spile en 30 punten, 61 goals foar en 13 goals tsjin. Op papier aardich oan inoar weage. It plak ten Boer besiden Grins is wol 5x sa grut as bygelyks it doarp Deinum.

De Wedstriid:
Ûnder ideale omstannichheden mochten we ôftraapje. Wol moast de SFD in tsjinslach ferwurkje doe yn de rin nei dizze wedstriid ta Leon de Jeger ôfheakje moast fanwege in blessuere, foar him wie it einde oefening. Lokkich fûnen we yn de keper fan D2, Reyer, in goede ferfanger. It wie prachtich om te sjen dat er safolle folk mei kommen wie út Deinum en omkriten. Dit moat it team fêst in bûst jûn ha!! It wie Lars die nei 7 minuten de oanhang juige liet, trije minuten letter folge troch de 2-0 fan Allard. Wessel ferskalkte de keper mei in stuiter die op it glêde fjild yn de goal bedarre, 3-0. Ut in korner makke de tsjinstanner 3-1.

Nei de té it byld dat we sa graach tsjen meie fan dizze mannen. Druk nei foaren, koart op de man en dit resultearre nei 5 minuten al yn in ôfstânsskot fan Lars, 4-1. Dernei wie it ferset fan de Grinzers brutsen. Neidat Wymer mei in frije traap de latte test hie wie it Wessel die mei in prachtige goal de 5-1 op it boerd sette. In pear menuten foar it ein slalomde Tymo troch de ferdigening fan Omlandia. Hy waard del lein yn it beruchte gebiet, pinaltie. Wymer wist wol rie mei dit bûtenkânske 6-1. De tsjinstanner makke yn blessuere tiid de 6-2 noch. De lêste fiif minuten mochten twa takomstige talinten noch efkes priuwe oan it grutte wurk, Luuk en Yann fan de JO11-1.

Foar it twadde jier op rij pakt in jeugdteam fan de SF Deinum in grutte priis. Mark en Tsjerk lokwinske mei dit geweldige resultaat. Dit kinne jimme wer yn jimme CV sette en dat kin net in elk sizze. In goed seizoen foar de SFD wat de jeugd oangiet. Ik by de senioaren ien kampioen en miskien noch in promovendus. Ek yn de oare takken bliere gesichten by kuorbaljen en volleybal.

TIP: stypje de jongens fan Chris Wentink en Durk Schakel ek noch efkes. Sy steane o.s. tongersdei foar in belangrike wedstriid. As se winne is ek dit team KAMPIOEN. Dus 7 Juny mei syn allen nei Nijlân!!

Siep Tilma.
03-06-2018

Bekerfinale JO13-1 (02-06-2018)

Kampioen van het Noorden
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
www.sfdeinum.nl
 

Verslagen

 
 

NQL 2 - Deinum 1

02-12-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

25-11-2023
 

Deinum 1 - Joure 3

18-11-2023
 
 

Deinum 1 - Joure 3

21-10-2023
 
 

Joure 3 - Deinum 1

30-09-2023
 

Deinum 1 - NQL 2

23-09-2023
 
 

Pallas 3 - Deinum 1

03-06-2023
 
 

WWC 3 - SF Deinum 1

25-04-2023
 

Deinum 1 - Joure 4

01-04-2023
 
 

DTG 3 - Deinum 1

18-03-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

11-03-2023
 

Pallas 3 - Deinum 1

04-03-2023
 

Harich 4 - Deinum 1

25-02-2023
 
 
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven