Sparta ‘’ 59  wykein op 2 , 3 en 4 juny .

13-07-2016
X

It lêste ? Sparta 59 wykein leit al wer wat wiken efter ús en ik wol dochs noch efkes myn grutte wurdearring útsprekke foar ús feestkommisje die al wer moai wat jierren draait mei de bekinde nammen Sita – Willem – Robert - Wilco – Bennert – Cornelis en Jelmer.
Jo ha it er drok mei mar as je dan op it lêst ik noch tsjinslaggen tsjin komme mei opsizzingen fan teams dan sakket je de moed wolris yn de skuon.
Lokkich kin men goed ynprofisearje mar it jout wol in protte argewaasje op in team minsken die al in protte oeroeren stekke yn dit evenemint.
 
Ik sil jimme allinne wat ynformaasje jaan oer it barren op snein wer in 18 sântallen striid moasten foar de prizen. Anne Terpstra en Siep Tilma ferdielden de taken en soargen der foar dat de wedstriden Sunder tukelteammen yn inoar rûnen op de fjouwer fjilden.
Elk jier moat de lieding wer oan de nammen wenne die men út de hege hoed tsjoend , wat falt er bygelyks te tinken by team Halve Gare , kest hier pinne ,weest oek wel , gersfretters of galatic footbal + Jelmer . Ik elk jier as fêste gasten oanwêzich Akkrum , SSS , WTC ,, Zutphense boys , B 77,78,79 en net te ferjitten it team fan Ale Jas en de Laut , Sparta 78.
Jo kinne prate fan in gesellich by inoar wêzen fan spilers , begelieders en supporters die inoar moetsje  op de fjilden fan de ff Sparta 59 , dit foar de lêste kear en soks jout in wat frjemd gefoel.....
Mei prachtich waar setten we útein om sa healwei de middei der in ein oan te breidzjen.
Protte goals , heechsteand fuotbal en striid want je wolle graach de bêste wêze fan de pûle.
 
Neidat in elk ûnder de brûs west hie of de skonken ôfspielt hiene yn it kanaal joech de hiele húshâlding him del besiden de tinte genietsjend fan alwer in Sparta 59 wykein mei moai waar !
Neidat in elk de nedige sapjes efter de knopen hiene en Sietske en Annie de lotsjes oan de man/frou brochten  foar in rûntsje draaiend rad , lytse Hille Deinum mei genietsje lied fan syn kinnen moasten er noch wat hannelingen plak fine wer ûnder de priisútrikking.
In toernee sûnder lieding kinne we noch net en terjocht waarden Anne B , Kees P , Auke , Bram , Durk , Peter Jan . Meint en Appie efkes nei foaren helle en betanke foar harren krewearjen.
Ik Frans Kalt waard hjir yn belutsen. Al jierren lang de fêste EHBO ‘r is hy it hiele wykein de ferantwurdlike persoan  die by blessueren in oardiel jaan moat . In ûnmisbere skakel.
Utslach pûle 1 : winner SSS mei 13 punten , twadde weest oek wel 9 punten.
Utslach pûle 2 : winner Zutphense boys mei 8 punten(+11) twadde Leovardia 8 punten (+ 5).
Utslach pûle 3 : winner Horeca team mei 10 punten , twadde Sparta 1 9 punten.
Utslach pûle 4 : winner Akkrum mei 15 punten , mei stip , Sparta 78 as twadde 11 punten.
 
Hjir nei naam Anne Terpstra it wurd en noege de feestkommisje út om it poadium te betrêden.
‘’ we wolle net op it poadium , we hoege neat  ‘’ it holp neat er waard lof útsprutsen foar dizze ploege minsken , die mei oare frijwilligers net by namme neamt mar like belangryk binne wer in bûlch fol wurk fersetten ha . De hannen komme op inoar en Anne rikt nammens it bestjoer fan de ff in bon út as blyk fan  wurdearring.
It wie noch net dien , Anne bewarre it neigesetsje ta it lêst . Alle leden oanwêzich waarden útnoege om plak te nimmen foar it poadium .
It bestjoer en leden fan de ff Sparta 59 fine it in grutte ear om op it lêste ofsjeele Sparta 59 feest as earelid te beneamen Willem D. Spoelman , sûnt ein  tachtiger jierren de oanjager , oanfierder , manus fan alles en sa mear.  Ear wa eare takomt ......
Yn de sportkantine komt men op de spegel mei eareleden fan de ff as earste tsjin W.D. Spoelman , nammegenoat en pake fan Willem , yn it midden stiet A. Spoelman(Albert , Appie) heit fan Willem en not least , but least slút W. D. Spoelman as lêste de rige .
Soks sjocht men nearne oars , pake(silger) , heit en soan earelid fan ien feriening.
Itselde barde yn in jubileum jier 2009 (50 jier) doe in sântal Spartanen beneamd waarden troch de KNVB . Soks seit wat oer de belutsenheid by de klup ...
Samar efkes wat ynformaasje dat ik tastjoerd krige fia de sosjaal media .
Fanôf de oare kant fan dat grutte wetter winsket Frits Spoelman ús in noflik Sparta wykein ta .
As liedsman ,elts jier oanwêzich moast er no jammer genôch ferstek gean litte . Winsk fan him ‘’ hoop dat er nochris in ferfolch komt en dat ik der dan by wêze kin ‘’. Gr, út in waarm Korsou(Curacao)
Ta beslút in skriuwen fan in echte Spartaan op fb nei in behelle kampioenskip op Amelân, ik siteer
Het was het jaar 1959 . In Deinum werd een voetbalklub opgericht en deze kreeg de naam van die klub die dat jaar kampioen werd van Nederland , Sparta .
Vele mooie momenten werden er gevierd in de afgelopen jaren met kampoenschappen en jubilea.
Helaas waren er ook verdrietige momenten en moesten wij afscheid nemen  van gewaardeerde vrienden en Sparta leden . Juist dan lieten we blijken een hechte klub te zijn .
Het is 2016 , Sparta Rotterdam wordt kampioen van de Jupiter Leguea en promoveert.
Vandaag mocht ik ( Roelof Weiland) deel uit maken van een geweldig vriendenteam dat ook kampioen werd en hiermede een passend afscheid aan het einde van SPARTA ‘’59.
De cirkel is rond . Ik zal het nog één keer zeggen  : SP-AR-TA
 
Wy gaan verder als de SF Deinum en hoop noch vele mooie jaren te beleven .
 
Litte we mei-inoar sjen wer we foar steane en ús ynsette foar de nije feriening .
Ik /wy rekkenje op jimme .  De nije SFD fertsjinnet it.
Ik sjoch no al út nei de ferrjochtingen fan de sporters op it nije kompleks .
 
S.Té.
 

Verslagen

 
 

NQL 2 - Deinum 1

02-12-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

25-11-2023
 

Deinum 1 - Joure 3

18-11-2023
 
 

Deinum 1 - Joure 3

21-10-2023
 
 

Joure 3 - Deinum 1

30-09-2023
 

Deinum 1 - NQL 2

23-09-2023
 
 

Pallas 3 - Deinum 1

03-06-2023
 
 

WWC 3 - SF Deinum 1

25-04-2023
 

Deinum 1 - Joure 4

01-04-2023
 
 

DTG 3 - Deinum 1

18-03-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

11-03-2023
 

Pallas 3 - Deinum 1

04-03-2023
 

Harich 4 - Deinum 1

25-02-2023
 
 
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven