Historie

Historie

Stukjes uit de jubileum editie van 'de Koerier', jaargang 6, no. 25, 1998
 
 

Juni 1998

Namens Harm Bruinsma

 

Ik wie, april 1935, krapoan 7 jier âld, doe ’t ik begûn te kuorbaljen bij V.E.M.O. op de Ulesprong, in gehucht by de Tynje. 23 Jier letter, yn 1958, frege it foar de safolste kear oprjochte T.D.K. fan Deinum my om by dit nije begjin harren earste trainer te wurden. En ik woe dat hiel graach dwaan. Hoewol ik op dat mêd alhiel gjin foech hie, doarde ik dat wol oan om ’t ik stof genôch fan hiele goede trainers opdien hie, om in begjinnende kuorbalklub fan ‘e grûn te helpen.

 

T.D.K. begûn yn 1958 mei allinne senioren te trainen en inkele freonskiplike wedstriden te spyljen. Nea earder hie ik sa ’n opteinens, sa ’n fûlens en sa ’n ynset meimakke. Dit koe net oars as binnen in koarte tiid moest hjir in goed tolvetal yn it fjild stean. Lou van der Werf, de doe sa sukselfolle trainer fan V en V van Garijp, hie ik kunde oan en hy sei my: ‘Harm tink er om, it skot is it wichtichst, ito are komt fansels wol”.

Fan fierôf en fansels de sa machtichmoaie trochrinbal, 1000 kear ha wy dat oefene; mei dêrby it goede fangen fan de bal. Boppehânsgoaie wie faak ek in toer mei dêrby in goede pleatsing. Ferjit net

dat it allegear al senioren wiene. Allegear mei in efterstân en dat waard binnen twa jier ynhelle. Nammen soe ik graach neame wolle, mar bin bang om ien te ferjitten.

1959: Foar it earst meidwaan oan de kompetysje mei ien tolvetal yn ‘e 4e klas. Wy bin op it tredde plak einige.

1960: Kampioen yn ‘e 4e klas en kampioen fan Fryslân.

1961: Under lieding fan in nije trainer (Eppy vd Beek) waard de opmars fuortset mei it kampioenskip yn ‘e 3e klas en promoasje nei de 2e klas.

Der wiene junioren bykommen, want ja wa ’t de jeugd hat, hat de takomst. In twadde tolvetal wie der kommen, it gie TDK goed. Oer it kuorbal fan doetiids, wol ik nog wol graach kwyt, dat ik it spyljen yn trije fakken moaier fûn. Twa fakken is tink ik wol wat spektakulêrder omdat der mear doelpunten falle. Mar it sierlike en it just sa bekwame middenfakspul makke it kuorbal moaier.

 

Mar ja, wa bin ik.. Harm en 70 jier âld. It hat foar my in ûnferjitlik moaie tiid west. Mei de oertsjûging dat it ûntstean fan TDK yn 1958 der ta bydroegen hat, dat de skerpe rantsjes tusken de ferskillende rjochtingen yn ús doarpen der ôfslipe wurden.

 

Lokwinske mei it 40 jierrich jubileum en folle goeds foar de takomst,

 

Tawinske fan Harm Bruinsma

 



29 mei 1998, Amstelveen.

 

Beste T.D.K.-freondinnen en freonen,

 

It liket wol krekt lyn, it foarige feest fan T.D.K. Mar wy binne al wer oan in nij lustrum ta. Sa hurd giet de tiid, liket it wol; mar it sil wol komme omt ik al ‘in dei’ alder bin. Yn it forline duorre alles fansels twa kear sa lang. Mar lit ik begjinne mei jimme, it bistjur en de leden van hjoed, lok to winskjen mei dit lustrum. Sa faek bart it net, dat in foriening de fjirtich hellet.

Dat lyke yn it bigjin wol nuodlik om it spul fan ‘e groun te krijen. Hwant it wie fansels in eksperiment om de foriening op to rjichtsjen. Wis der wie in sportfjild yn Deinum, mar tal fan jongerein wiene al drok dwaende mei de fuotballerij en ek al soene wy dan besykje om jongelju ut trije dowarpen waerm to krijen foar kuorbalforiening, folle minsken om mei to dwaen wierne der net mear. Wy hiene ien ding foar: koerbaljen wie en is in sport fan froulju en manlju, dus wy koene ek de famkes freegje om mei to dwaen. En it slagge!

 

Freegje my net hoefolle doarren ik of west ha om leden to winnen, faeks moasten wy de minsken suver oer de streep luke. Om elsenien nei it sint o meitsjen hawwe wy doe bisletten om op sneon to spyljen: foar de iene wie it gjin biswier en foar in oar krekt wer in kondysje. Dat sa kaem T.D.K. op’e skonken.

Ik hie my noch drok makke oer in namme mar dat hoechde hielendal net; der wie ommers al ien. Mar sa goed wie ik ek net op ‘e hichte mei de sportskiednis yn Deinum, der wisten minsken as de fan der Meers en Sjollie en Harm Bruinsma folle mear fan. Dus der waerd my al gau oan it ferstan brocht dat de namme T.D.K. in prima namme wie. Doe ’t wy dan sa fier wierne dat wy mei dwaen soene oan de kompetysje, kaem dr wer in nij obstakel, jo koene net sa mar clubkleuren kieze, it Boun, dus de kompetysjelieder moest it der ek mei iens weze. It is giel en grien wurden en bleaun.

 

Hwa wit kinne ABN-Amro en de Japanners nochris wichtiche stipers wurde. Die earste gearkomsten en dy earste opset hiene fest net slagge as wy net in ofgryslik protte help fan Harm Bruinsma hawn hiene, beide yn it bistjur en by de training. En net to forjitten al dy minsken in de trije doarpen dy’t us ek my jild stipe hawwe. Mar der is ek gans hwat foroare, bygelyks de speltechnyk en snelheit dy ’t ik mei eigen eagen sjen koe doe ’t T.D.K. fiif jier lyn koart foar it lustrum yn Aalsmeer, hjir deun by, sawhat om’e hoeke, in stik show sjen liet der’t ik mei nocht nei sjen koe.

Mar forline is forline, derom winskje ik jimme graech ek in goede milleniumweksel en in prima takoms foar jim koerbaljen ek yn’e ienentweintichste ieuw

 

Kor Pietersma, Amstelveen

 


 

T.D.K. 40 jaar

 

Deze laatste Deinumer korfbalvereniging heeft al 40 jaar leven in de brouwerij gebracht. Een hele prestatie als je bedenkt dat mijn moeder (toen Warga) vroeger al tegen T.D.K. korfbalde. Een paar speelsters-spelers van toen uit Deinum: Berber Dijkstra, Gepke Odinga, Ietje Tiemersma en Dukele Hoekstra +/- 1928? Na een paar jaar verdween de vereniging dan weer. Vaak was het toen een onderdeel van de gymnastiek.

Na de tweede wereldoorlog kwam het sociale leven in heel Nederland weer op gang en was er weer een T.D.K. aktief. Zij kwamen uit in de FKB in de laagste klas. Leden daarvan waren: Harm en Zus Bruinsma, Roel en Klaas Hoen, Renny Kikstra, Jappie Zijlstra en Jaap Bergsma. Toen ik 12 was waren er te weinig dames en mocht ik met de groten meedoen. Er was alleen maar een seniorenploeg. Zes dames op het veld krijgen was vaak een heel probleem. Na nog 2 zomers trainen op het holt o.l.v. Jaap Bergsma (gezellig) en niet te best korfbal, vaak verliezen, ging deze club ter ziele. Op ’t Holt liep meestal vee in het land, dat werd dan maar in een andere hoek gedirigeerd en wij konden beginnen. Seriedagen waren toen heel erg gezellig. We fietsten toen in die dagen overal heen, o.a. naar Leeuwarden, Hempens, Wartena, Roordahuizem, Mantgum en Trynwalden. Bij de laatste wel een uur fietsen, wat kleren uittrekken, 1 ½ uur spelen – met thee in de pauze – kleren aan en op de fiets terug.

In juni 1958 proberen weer met enkele mensen een korfbalclub van de grond te krijgen. Nu spelend in de CKB, dat gaf in Deinum wat meer mogelijkheden. Ook weer de naam T.D.K.

Hendrik, Freerk en Margriet leden van een nieuwe sportperiode, ik een jaar later. Ik eerst in het tweede en het jaar erop ook in het eerste. Wat een gezelligheid, de sfeer was erg goed. De meesten trainden in Deinum en ik in Groningen bij de handbalvereniging Vlugheid en kracht.

Het lukte T.D.K. om van de 4e klas kampioen te worden, daarna van de 3e klas en in 1962 van de 2e klas CKB. Dat jaar werden we kampioen in Oenkerk met de spelers en speelsters: Stien Boorsma, Harm Bruinsma, Hogenberg, Hennie Smink, Johannes Sybrandi, Freerk van der Meer, Gatske Boorsma, Hieke van der Meer, Hendrik van der Meer, Eelkje Osinga, Wieger meijer en Reinouw Kingsma.

Van de korfbalclub T.D.K. kregen we toen een uitnodiging voor de wedstrijden 2e klas kampioenschap van Nederland op zaterdag 29 september 1962. Vertrek per bus, om 10 uur van het schoolplein. Reisgeld 3 Gulden. Terrein Ermelo. Afschrijven uiterlijk: NIET DOEN!!. Een mooie dag, geen kampioen van Nederland maar wel een belevenis. De thuiswedstrijden kwam ik naar Deinum op ’t Holt. Bij uitwedstrijden vaak afgehaald in Buitenpost of Hardegarijp, om dan tegen CSL, Rinsumageest, Nij LIbben of Wierum te spelen.

Wierum was altijd een hoofdstuk apart. Een vissersdorp, met een veld half op de schuine kant van de dijk, de korf stond bijna even hoog als de zijlijn. De Wierumers waren goed getraind om met grote snelheid de dijk af te komen naar de korf, moeilijk te verdedigen. Altijd pittige wedstrijden mét publiek langs de lijn. Na de wedstrijd gingen we onderweg ergens aan bij Dokkum of Birdaard. Soms vaker op een zelfde adres. Eén keer herinner ik me dat ‘ons’ café vol was, maar we mochten wel in de keuken. Boven de kachel hingen daar worsten te drogen. Nooit lekkerder dan na zo’n wedstrijd. In een gezellige stemming gingen we dan terug naar Deinum.

Met 6 mensen hebben we in Groningen een trainerscursus gevolgd. Gatske, Wieger, Cor, Freerk, Margriet en ik. Theorie en trainingen van fijne leerkrachten. Zeer intensieve avonden. Een leuke sfeer met andere sporters uit het hele Noorden. Freerk, Margriet en ik hebben in ieder geval het diploma gehaald (4e?). Alleen Freerk heeft er bij T.D.K. wat mee gedaan. Na 1970 heb ik nog een aantal jaren bij CKC Kinderdijk gespeeld en wat aspiranten getraind. Het mooie van korfbal is het familieverband. Leuk te zien dat de kinderen van Hendrik en Freerk deze traditie voortzetten. Sjoerdje, Joke, Geert, of

de aanhang, spelen in het 1e. Wybren ook actief, terwijl Freerk, Geert en Eelke als scheidsrechter wedstrijden fluiten.

 

T.D.K. alle succes verder!

 

Met fijne herinneringen aan T.D.K.,

Hieke Wondergem-van der Meer
 


 

1958-1998

Troch de Koer – 40 jier

 

De kuorbalferiening TDK is oprochte yn 1958, mar de namme Troch de Koer bestiet dit jier al 80 jier! Hoe ’t dit kin? No dan moatte wy efkes werom yn’e tiid. Yn 1916 wie der yn Deinum in gimmestykferiening mei de namme T.O.O.S. No wiene der froulju by dizze feriening dy’t graach kuorbalje woene. Yn 1918 hiene hja it safier dat der in kuorbalferiening oprjochte wie.

Fansels moast der ek in namme komme en Bet Kuipers betocht de namme Troch de Koer. Spytigernôch wie it yn 1920 al wer dien mei TDK. Faak hat men it letter wer besocht, mar fan 1918 oan ‘t 1958 wie it bestean fan TDK as in knipperljocht. Yn 1958 wie it de sânde kear dat men TDK wer op’e fuotten holp ûnder lieding fan Hermanus Hessels.

It earste bestjoer bestie út: Leendert Leyendekker, foarsitter; Kor Pietersma, skriuer; Wyp Woudsma, skathâldster; Jan de Jong en Gatske Boorsma.

Harm Bruisma waard spullieder en trainer. It tal leden wie 31, 11 froulju en 20 manlju. De kontribúsje wie 30 sinten yn’e wike en de earste klubkleuren, in wyt shirt en in swarte broek. Letter waard dit giel en grien.

No yn 1998 dooge wy mei 5 ploegen mei oan’e fjildkompetysje en 7 ploegen namen diel oan ‘e sealkompetysje. Yn it ferliene wiene der trije kuorbalferenings yn’e gemeente Menameradiel. Kv. Schatzenburg, SSS en ús TDK. Allinne TDK bestiet nch al is der yn ús fereining in ‘Schatzenburgploeg”. Dit is it tredde seniorenteam yn’e sealkompetysje.

Fan SSS ha wy ek noch in pear leden kirgen. Foar it kommende jier sille wy mei L en F út Hylaard kombinaasjeteams foarmje foar de jeugd. Fansels hoopje wy dat TDK noch jierren yn Deinum Kuorbalje sil. Mei mekoar de skouders derûnder, dan sil it wol slagje.

 

Mar earst is it tiid foar in feest; 13 juni, as wy ús jierlikse famyljedei hawwe, hoopje wy ek wer in protte âld-TDK’ers te sjen op it kuorbalfjild. Nei de veteranenwedstriid jouns mei mekoar ite en byprate yn’e kantine

© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven