Nieuws

Sponsoravond

16 april 2019 door Frank Visser
www.sfdeinum.nl
Verslag van deze avond

Sponserjûn Sport Feriening Deinum

 

Yn ús smûke ûnderkommen op sportkompleks ‘’ de Fjouwer “ hiet Durk Blauw in grut tal sponsoren, potensjele sponsoren en oare genoadigden wolkom. Memoreart yn it koart noch efkes dat dit de earste sponserjûn is yn it noch koarte bestean fan de SF Deinum. Yn it ûnderkommen oan de Sportleane is it by myn witten nea bart dat er op dizze manier oandacht is bestege oan dizze groep belangrike minsken foar ús feriening. Ek in wurd fan wolkom is der foar de ‘’haadrol‘’ spilers fan dizze jûn, Henk de Jong, no trainer by de Graafschap en kommend seizoen trainer by SC Cambuur, en Arjen de Boer, in bekend gesicht by Omrop Fryslân.

 

Yn twa kear trije kertier komme der prachtige anekdoaten foarby fan dizze sympathieke, belutsen trainer wer by Arjen de foarsetten jouwt. Dr. Boys – Hark. Boys - Snits – Grins – Hearrefean en Cambuur komme foarby wer Henk prachtig oer fertelle kin.

It is in trainer die hâld fan normaal folk, kritysk mar rjocht troch see giet, wit wat de klub en de supporters wolle en sa wit wat der fan him ferwachte wurd. Dat kin  Henk as net in oaren, ek de superboeren binne gek op him. En dan kin it sa wêze dat er by in training 6000 minsken del strike as men de oare deis spylje moat tsjin ‘’de trots fan it Noarden‘’. Age Heins Boersma, Oebele Schokker, nammens Henk de Maradonna fan de Wâlden, en Luis Suarez wer hy by Grins mei wurkje moast. De souting wie mei Luis oansetten kommen en hy moast eltse wedstriid fuotbalje. Hy wie by Grins de djoerste fuotballer binnen de seleksje (1.5 miljoen). Henk:"Hy spile de earste wedstriiden as in krante mar hy mocht einliken net wiksele wurde. Hy waard twa kear earder nei de kant helle foardat er yn de tredde wedstriid de skonken goed ûnder it gat krige. Hy makke doe de iene nei de oare goal foar Grins (hy biet doe noch net )." Nei Grins – Ajax – Liverpool is hy no by Barcelona in goed tandem mei Messie. Ek de omgong mei Frits Korbach kin Henk smakelik oer fertelle werby Arjen ik smakelike ûnderwerpen oansnijt. Ek it sosjaal medium komt noch foarby, de foar en neidielen en de ‘’bagger‘’ die je oer je hinne krije as men net oan de ferwachtings foldocht.

 

Yn it skoft krijt ir. Winse Faas de gelegenheit om wat handel te dwaan foar de SFD. Hy is der foar knipt. Al jierren wennet er mei syn gesin yn Menaam, draait hjir noch kantine tsjinsten mei, mar is ik te finen op Schatzenburg wer hy han en spantsjinsten docht. Reklame buorden, namme fan je bedriuw as jo sels op de muorre by ‘’de freonen fan de SF Deinum‘’ foar 25,- euro yn it jier is in koopje. Nei in quiz waard der in boek fan de haadrolspiler ‘’Henk één met de twaalfde man‘’ útrikt en men koe biede om in wedstriidbal beskikber te stellen foar de wedstriid yn it SFD wykein op sneontejûn 15 Juny tsjin in RTL stjerrenteam. Bedriuwskundige fraach bliuwt altiid wat krije we der foar werom! Foarbield: It A team fan de f.f. Sparta '59 spile mei de ‘’Friesche Ryschool‘’ op it boarst. Elts die 18 jier waard wist wer er hinne moast op it doe noch rose papierke op te heljen.

 

Nei ôfrin wurde Henk en Arjen betanke foar harren bydrage oan dizze earste sponserjûn. Blommen foar de kommisje, foar de haadrolspilers blommen en in kuorke mei lekkere bakkersprodukten fan sponser Sybesma. Elts is it der wol mei iens dat san jûn jierliks plak fine moat. Der is noch foldwaande tiid oer om mei ferskillende minsken in praatsje te meitsjen en dat is ik de bedoeling fan san jûn.

 

Oanfullend: de gage fan Henk en Arjen, mei mooglik makke troch Campanile Ljouwert en BeePro b.v. giet yn syn gehiel nei it Foppe Fûns. It fûns fan Foppe de Haan set harren yn foar bern foar wie sporten of boartsjen net fansels sprekkend is.
 

Tank oan de sponsorkommissie die bestiet út Durk Blauw, Wybren Beeksma, Bjarne van Dyk, Jorrit de Boer, Jochem Bruinsma, Ina Boskma en Corine Hoogsteen. We kinne wer werom sjen op in slagge jûn. Mocht men nijskirrich wêze nei de mooglikheden foar sponsering foar dizze omniferiening nim dan kontakt op mei ien fan boppesteande nammen. Ek stiet er genôch ynformaasje op de hym side fan de SF Deinum.

 

S.Té.

 
www.sfdeinum.nl
De nieuwe klaverjascompetitie van SF Deinum is weer gestart. [lees verder] Meer
 
www.sfdeinum.nl

Nijntje Beweegdiploma

16 september 2019
Start op 20 september 2019! Meer
 
www.sfdeinum.nl

Kantinerooster september 2019

01 september 2019
KLIK HIER voor het kantinerooster van deze maand.  Meer
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven