Voetbal: JO13-1 by lêste acht!!

Drachtster Boys JO13-3
SF Deinum JO13-1
26-04-2018
0 - 9

Scheidsrechter:   W (Wiebe) van derVeen

Tongersdei 26 April l.l. moasten de jongens fan de SF Deinum JO13-1 it opnimme tsjin harren leeftiidsgenoaten fan de Drachster Boys JO13-3. Dizze striid moast ôfhandele wurde yn Drachten. Om kertier foar seizen wie it in drokte fan belang by sportpark ‘’de Fjouwer‘’ wer leiders, spilers, heiten, memmen en pakes harren sammelen om yn kolonne op reis te gean nei Drachten. Via de toeristyske route bedarren we út einliken op it grutte sportkompleks fan de Boys.

 

De boys hienen harren yntraap sesje al efter de rêch foardat de mannen fan Mark en Tjerk it net al te flakke fjild opkamen. Wat binne we al ferwent as we de lizzende fjilden fan de Dr.B. ris besjogge.

De supporters út Deinum, die yn grutte getale oanwêzich wienen, wiene fier wei yn de mearderhied wat Drachtsters oangiet. Soks seit wat oer de belutsenhied by de klub. Ûnder lieding fan in jeugdige skiedsrjochter setten we om 18.51 útein. It begjin wie fan wjerskanten senuweftig, SFD moast dúdlik wenne oan it net al te flakke fjild maar kaam dochs as earsten gefaarlik foar de goal. Oan de oare kant wie it oppassen foar de SFD want by de boys foaryn stie in rap baaske! Oer de grûn wie de kieper fan de boys alris test mar hy moast it antwurd skuldich bliuwe doe Hidde nei san 20 menuten in hege bal ûnder de latte kegele. Tsjerk waard nochris op syn earlikhied wezen doe de spits fan DB opstome koe nei de goal fan Deinum mar ôfflagge waard foar bútenspul. Minsken die fier fuort steane kinne it faaks better ynskatte dan in grins die op gelikense hichte stiet. It wie Thom die it team efkes wat lucht joech troch de 2-0 te meitsjen krekt foar de rêst. De jongens gongen dan ek mei in goed gefoel nei de box foar in beker té.

 

Nei de rêst seagen we in gedreven SFD die fan it begjin ôf de regie yn hannen naam. Ik omskriuw it as in stel jonge hûnen die efter in prooi oan sit. De tsjinstanner gjin kans jaan om de bal yn de foarste linie te bringen en soks slagge, in lust om nei te sjen. Doe Hidde de 3-0 tsjin de touwen skeat wie it (grutste) ferset fan de Drachster Boys brutsen. Via Hidde, Tycho, Lars, Tymo, Hidde en Thom kamen we op 9-0 út. Der tusken troch waard noch ferskillende kearen it houtwurk boppe de kieper test. In team prestaasje die er wêze mocht. In team die presteert omdat de jongens foar inoar troch it fjoer geane dit ûnder lieding fan twa betûfte trainers, lieders.

 

In elts gong mei in goed gefoel werom nei it doarp mei de sipel. De kommende tsjinstanner is Boalsert, in ploeg die ek by de jongens JO13-1 yn de kompetysje sit. Mei deselde ynset en oertsjûging as yn Drachten moat ik dit slagje nei myn betinken.

 

Hooplik geane de supporters dan ik wer yn grutte getale mei.

 

Twa tefreden pakes

 

 

Verslagen

 
 

NQL 2 - Deinum 1

02-12-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

25-11-2023
 

Deinum 1 - Joure 3

18-11-2023
 
 

Deinum 1 - Joure 3

21-10-2023
 
 

Joure 3 - Deinum 1

30-09-2023
 

Deinum 1 - NQL 2

23-09-2023
 
 

Pallas 3 - Deinum 1

03-06-2023
 
 

WWC 3 - SF Deinum 1

25-04-2023
 

Deinum 1 - Joure 4

01-04-2023
 
 

DTG 3 - Deinum 1

18-03-2023
 

Deinum 1 - Pallas 3

11-03-2023
 

Pallas 3 - Deinum 1

04-03-2023
 

Harich 4 - Deinum 1

25-02-2023
 
 
 
© SF Deinum, 2018
Privacy Statement
It Holt 17 - 9033 WH Deinum
klik
HIER voor onze contactgegevens
Terug naar boven